Fan terpen nei dyken
Wa't oan Fryslân tinkt, tinkt faaks oan ús terpen en seedyken. De earste terpen binne sa'n 600 jier foar it begjin fan de jiertelling makke as beskerming tsjin it wetter fan de ûnberekkenbere Noardsee. Oan't 1000 jier lyn waarden se hieltiid heger en breder, laach foar laach. Yn dy terpen sit ús skiednis.
Hjoed de dei hawwe de terpen gjin echte funksje mear yn de beskerming tsjin it wetter, mar de seedyken wol. De boaiem sakket yn grutte parten fan de provinsje en de seespegel stiicht. Yn dizze workshop sjogge wy nei ús skiednis hjir yn it lân op 'e râne fan lân en wetter en meitsje in plan om hjir ek yn de takomst noch feilich wenje te kinnen. Oan dizze workshop is ek in besyk oan de Yeb Hettinga Skoalle keppele. Yn it Seaddehûs sjogge én ûnderfine wy it libben fan de misken dy't hjir sa'n 1300 jier lyn wennen. Ek geane wy nei it Fries Museum: 'Terpen en Dyken' jout in oersjoch oer sa'n 2000 jier wurkjen mei én tsjin it wetter. Beide ekskurzjes binne neist it Frysk ek yn it Nederlânsk, Ingelsk en Dútsk. Freegje dyn dosint hoe of't dat by jimme op skoalle oanbean wurdt.
|
Leech wetter op it Waad by Wierum.
|
|
Furdgum oan see; it boerd by de terp fan Furdgum lit ús it ûntstean fan in terp yn it Fryske kwelderlân sjen; de tsjerketoer fan Furdgum.
|
Titelfoto: Feilich achter de seedyk by de Westhoek.