Fûgels yn Fryslân
Wat soe Fryslân wêze sûnder ús fûgels ? As de maaittiid komt en de ljippen en skriezen binne wer yn 'e loft, dan libbet it greidelân. En sjoch de kloften kluten boppe it Waad.
De Skriezen komme werom ....
It hat efkes duorre, mar se komme d'r oan. De Ryksuniversiteit fan Grins (RuG) hat yn it ramt fan it projekt 'Kening fan 'e Greide' yn 'e winter en maaitiid fan 2013 yn de streek Extramadura (Spanje) 15 skriezen in lyts senderke mei jûn. Sa wiene se troch de wittenskippers goed te folgjen. Fia it ynternet koe eltsenien dat ek. Alle 15 fûgels hawwe in namme krigen fan in plak of stêd oan de trekrûte. Sa wie d'r ek in skries mei de namme Ljouwert, mar der wie ek in Amalia ! De fraach wie fansels of alle fûgels nei Fryslân fleane soene. Yn febrewaris 2019 kamen de earste fûgels werom nei Fryslân. Dat wie tige betiid. Folgje de skriezen
Op de webside fan 'Kening fan 'e Greide' binne de skriezen te folgjen. Hoe giet it mei ús ljippen no't der ek dit jier net nei aaien socht wurdt. Yn dizze wurkwinkel (workshop) leare wy mear oer ús greide- en wetterfûgels. En wêr kinst dat better dwaan dan yn ien fan de moaiste natoergebieten fan Nederlân: hjir yn it Noarderleech oan it Waad. Yn it twaddle diel fan dizze wurkwinkel komst ek yn 'e kunde mei fûgels tichter by hûs, de fûgels yn 'e tún en de bosk. Yn jannewaris dogge wy de túnfûgeltelling. Sjoch hjir foar mear. |
In Klút yn it Noarderleech.
Mear oer 'Kening fan 'e Greide'
|
Welke fûgels wenje by ús yn de tún ? Hoe soargje wy foar in goed plakje ? Sjoch foar de túnfûgeltelling en tips op de side van de Vogelbescherming Nederland. De earstfolgjende telling is op 28 o/m 30 jannewaris 2022.
|
In hoarnûle yn it sintsje op syk nei in mûske yn de bosk fan Mûnein. In hoarnûle is meastentiids allinne yn it tsjuster warber. Oerdeis sliept hy.
|