|
GeoGraphixs dyn finster op 'e wrâld - jou de ierde troch
|
|
Op it boerd
Sjoch hjir foar de lêste meidielings
Wurk yn útfiering
In oersjoch fan de ferskate wurkwinkels Fryslân fan Boppen
Lear dyn eigen provinsje better kinnen.
GeoGraphixs Outdoor
Gean mei GeoGraphixs nei it Noarderleech foar in spannende en learsume les yn de natoer..... |
Wolkom by GeoGraphixstichtby hûs en oer de hiele wrâld.
Mei GeoGraphixs hellest de wrâld om dy hinne yn 'e hûs of sa ast wolst yn 'e klasse... Altyd de lêste updates, en kaarten. Ek foar ûnderwerpen foar wurkstikken, sprekbeurten en skripsjes bist hjir by GeoGraphixs te plak. In grut part fan de ynhâld is no noch yn it Nederlânsk en Ingelsk, mar yn de kommende tiid wurdt it tal siden yn it Frysk útwreide. Sjoch hjir foar mear. Dat dogge wy ek mei de siden op Noarderljocht. Sa is der in reportaazje oer de nije 'Terp fan de Takomst' yn it bûtendyks lân by Blije. Sjoch hjir foar de nijste websiden, apps, kaarten en foto's... Set dy yn foar ús ierde.... doch al it mooglike om der foar te soargjen, dat dyn generaasje: - de ein fan it brûken fan fossile brânstoffen regele hat - in ein makke hat oan de destruktive fee - en bio yndustry - dé stap set hat nei in sirkulêre ekonomy - de 17 doelen omearmet en aktyf tapast en dêr ek nei hannelet Us fuotprint
Yn Keramykmuseum Princessehof, Ljouwert is oan't en mei 25 oktober 2026 'Sustainable Ceramics#2 - Investgating a Footprint'. Keramyk is ien fan de meast duorsume materialen dy't der besteane: salang't it net brekt, kin it tûzenen jierren meigean. Tagelyk is de produksje dêrfan perfoarst net duorsum. By it stookproses komt in grutte hoemannichte CO2 frij, guon grûnstoffen en glazoeren binne skealik foar minske en miljeu of reitsje útput. Yn gearwurking mei Lab AIR út Rotterdam wurdt dizze paradoks yn Sustainable Ceramics # 2: Investigating a footprint ûndersike. Dit is de twadde tentoanstelling yn in trijedielige rige oer duorsume keramyk, yn it Princessehof yn Ljouwert. De tentoanstelling rint fan 22 novimber 2025 oant en mei 25 oktober 2026. Sjoch foar de wurkshops en eveneminten op Keramykmuseum Princessehof.
Net allinnich keramyk komt hjir oan'e oarder. Ek de ympakt fan it ferkear en ús suvel- en fleiskonsumpsje wurdt ús op in ynkringende wize ûnder de eagen brocht. Stress yn 'e See
Underwetterfotografie is de grutte passy fan dosinte Corina Blok. Ta de moaiste plakken dêr'tst dy ûnderwetterwrâld sjen kinst, wurde de eilannen fan de Malediven yn de Yndyske Oseaan rekkene. Sa fredich as it der ûnder wetter is, sa gewelddiedich is de wrâld sa'n 4000 kilometer fierder nee it noordwesten. It Midden-Easten stiet wer yn 'e brân.
Foto: Corina Blok.
Troch de oarloch is it loftrom yn it Midden-Easten sa goed as sletten en binne in grut tal flechten fan en nei de Malediven skrast. Wannear't Corina se wol werom nei har skoalle, Simon Vestdijk yn Harns, kin, is noch net dúdlik. Foar mear: sjoch it nijsberjjocht (Omrop Fryslân, 6 maart 2026).
It koraal hijs op de Malediven is eins ek yn oarloch: troch it opwaarmjen fan de ierde, geane grutte koraalriffen ferlern. Sjoch ek: Het koraal verdwijnt. Der binne mear bedrigingen. Sjoch hjir it artikel 'Rock Eaters' yn de NZ Geo: aggresive seestikelbarchen dy't de seeboaiem keal frette. Meartaligens yn Kanada
Dizze foto stie op moandei 10 novimber 2025 op 'e nijsside fan de NOS. Oan de iene kant wie it bysûnder, dat de moezels harren wei ek wer nei Kanada fûn hawwe, mar ek sa nijsgjirrich wie de warskôging yn it Kanadeesk/Dútsk op it rjochter plakaat. It is goed om te sjen, dat minsken harren memmetaal brûke meie en kinne, wer't se ek mar op de wrâld bedarre binne. Foto: Reuters. Boarne NOS.nl. Terpehûn Oda
It noch ridlik geve bonkerak fan in terpehûn waard al yn 1910 yn Ferwert opgroeven. Nei ûndersyk is dúdlik wurden, dat it in wyfke wie, dy't yn de fiifde of sechsde iuw CE yn de omkriten fan Ferwert by in famylje op in terp en waard dêr ek netsjes begroeven. Op Bistedei fan dit hier hat se de namme Oda krigen. |
yn it nijs....Foto fan de dei
|
Nederlân sjoen fanút it ISS. De foto is makke troch NASA astronaut Jeffrey Williams op 24 maaie 2016, op dat stuit fleach it ISS boppe Ingelân. De opkomende sinne skittert op it wetter fan de Fryske marren en it Waad. No binne plaatsjes út de romte hiel gewoan, mar yn 1969 wie dat hiel oars.....
GeoGraphixs is in grutte All Blacks fan.
De foto's fan learlingen op GeoGraphixs binne makke foar 25 maaie 2018, foar it ynwurkjen gean fan de nije AVG.
All photos on the public part of this website are protected by international copyright laws. Copyright: GeoGraphixs - Rinze de Vries © 2010-2024, except where explicitly stated. For some photographs ownership could not be established. These are annotated: 'no copyright information'. You have limited rights to personally view the images with your web browser and to use them as your personal computer wallpaper (or background image) on your own computer. These photos may not otherwise be reproduced, distributed, cropped, resized, or otherwise altered without the written permission of the photographer. No commercial use of these photos may be made in any way. All rights are reserved.