Wurk yn útfiering
Griene Fingers....
Nei de maaiefakânsje start de workshop 'Griene Fingers'. Bist no al nijsgjirrich en wolst sa lang net wachtsje, sjoch dan hjir foar in koarte yntroduksje, dy't Schooltv makke: |
De ierappelproeftún stiet los fan 'Griene Fingers', mar is fansels wol in moai foarbyld fan hoe 't je as klasse in grien projekt opsette kinne. Nij is " Farm of the World ", wêrmei 't wy yn maaie 2018 úteinsett binne.
|
Farm of the World
Neist it ierappelprojekt fan de earste klasse is der yn ús science-tún ek romte reservearre foar “Farm of the World”, in projekt dêr ’t de oandacht yn fêstige wurdt op it kweken en ferbouwen fan griente- en fruitsoarten út en yn de eigen streek. Wy sille sels ûnderfine hoe super-sûn oft de produkten fan eigen boaiem binne. Dêrneist rjochtsje wy ús ek op it wolwêzen fan de bij. Sels yn de moderne lân - en túnbou spilet de bij in wichtige rol yn de bestowing fan gewaaksen. It giet lykwols al jierren net goed mei de bijestân, fandêr, dat wy ús stientsje bydrage wolle yn it ferbetterjen fan de leefomjouwing fan de bij. Yn de science-tún siedzje wy blommen foar de bijen. Sa sille wy yn de tún ûndersykje hokker blomsoarten hjir yn Fryslân de measte bijen oanlûke. De bedoeling is dat we letter yn it jier siedpakketsjes gearstalle, dy 't takom maitiid yn de tunen en bermen siedde wurde kinne. Wy sjogge ús no al út op dy blomrike tunen en berms. Net allinnich foar ús sels in prachtich gesicht, mar wy helpe der grif ek de bijen mei.
It is goed om te witten, dat wy foar it finen fan staazjeplakken foar ús learlingen, in tal jierren lyn al ôfskied nommen hawwe fan bedriuwen dy 't noch gebrûk meitsjen bliuwe fan bestridingsmiddels en pestisiden. We sette ús yn foar in duorsume en bestridingsmiddelfrije lânbou.
In skries op in hikkepeal by Hollum op it Amelân. Fûgels binne û.o. ôfhinkelik fan insekten (RDV4117).
|
Ierappelplanten yn folle bloei. Tûzenen bijen en ynsekten dogge ûngemurken har wurk. Se bestowe de blommen. Yn ús lessen en fjildwurk geane wy dan ek út fan in maksimale beskerming van dizze bisten. Foar ús it it gebrûk fan bestridingsmiddels en pestisiden fan wat foar soart dan ek ûnbesteanber.
|
Topografie en vluchtsimulator
Al fleanend leare je de topografy by it ûnderwerp wêrmei 't je dwaande binne. Sagau asto de basisbegjinsels fan de Google Earth Flight Simulator ûnder de knibbel hast, kinst oeral op 'e wrâld fleane. In rûntsje by de stêden fan 'e Rânestêd del, de Siuwske eilannen of de heechste berchpiken fan 'e Frânske en Switserske Alpen.
|
Simmer Sinnekear 2024
Op tongersdei 20 juny begjint offisjeel de simmer fan 2024. Op dy dei berikt de sinne syn heechste posysje op it Noardlik Healrûn. Op dat stuit skine de sinnestrielen leadrjocht op de Noarderkearkring. Fan dat momint ôf wurde de dagen allinnich mar koarter. Op in soad plakken wie en is de sinnewende reden foar in (religieus) feest, lykas by it pré-histoaryske monumint by Stonehenge yn it Ingelske graafskip Wiltshire. Wy brûke dit natuerferskynsel as ynlieding op it projekt " Filosofie en Geloof ", dat is yn wike 26. Klik hjir foar Zomer Zonnewende (Simmer Sinnekear yn it Frysk ).
|
21 juni 2015, zonnewende bij Stonehenge. Foto: The Guardian.
|
Archeologie - opgravingen veenterp Blitsaerd en Terp Sotterum
In juni 2015 heeft een team archeologen van de Rijksuniversitieit Groningen onderzoek gedaan naar de resten van de veenterp in de wijk Blitsaerd aan de noordoostkant van Leeuwarden. Op zaterdag 27 juni konden belangstellenden de werkzaamheden van nabij bekijken. Kijk hier voor meer....
Yn juny 2015 hat in team archeologen fan de Ryksuniversitieit Grins ûndersyk dien nei de resten fan de feanterp yn de wyk Blitsaerd oan de noardeastkant fan Ljouwert. Op sneon 27 juny koene belangstellenden it wurk fan tichtby besjen. Sjoch hjir foar mear....
|
Iepen Dei op de Feanterp fan Blitsaerd.
|
Filosofie en Geloof
In het project "Filosofie en Geloof", waarin een groot aantal aspecten van geloven en zingeving aan bod zullen komen. Er is aandacht voor de grote wereldgodsdiensten als Islam en Christendom maar onder andere ook voor het Humanisme en New Age... Deze GeoGraphixs les is een inleiding vanuit aardrijkskundig/geografisch oogpunt. |
Blik op 'e ein fan ús universum?
|
Yeb Hettinga Skoalle
In het kader van ons onderzoek in de eigen woonomgeving gaan we 1300 jaar terug in de tijd. Hoe woonden en werkten onze voorouders in het kweldergebied van Westergo. We werken op 10 juni in o.a. het zodenhuis van de Yeb Hettinga Skoalle in Firdgum. Kijk hier voor meer informatie. |
'Juf' Saskia fan de Yeb Hettinga Skoalle lit ús de weeftechnieken út de tiid fan rûn it jier 700 sjen.
|
Wurkwike Skylge 2024
Yn wike 23 is de tradisjonele Wurkwike Skylge fan klasse 2. Klik hjir foar de keuzeopdrachten en it tariedingsprogramma op 27 maaie.
|
De Brandaris stiet al foar ús klear...
|
Wittenskip en Technologie
Yn dizze workshop komme wy neier yn 'e kunde mei de boeiende wrâld fan 'e wittenskip. Fansels sjogge wy spesjaal nei de ierdwittenskippen, wêryn 't wy op syk geane nei de lêste ûntwikkelingen yn bygelyks de romtefeart en kommunikaasje.
|
Bist nijsgjirrich nei de lêste ûntwikkelingen op it mêd fan romtefeart? Wannear kinne wy nei Mars? Dan is W & T fêst wat foar dy!
|
Nije case study ûnderwerpen
Gletsjers
Mei yngong fan it nije skoaljier is it lesmateriaal yn de case study wiidweidich grutter makke en aktualisearre. Spesjaal omtinken giet út nei de gletsjers fan Grienlân en Nij-Seelân.
In stik of wat gletsjers komme byinoar yn it Egede og Rothes Fjord yn East-Grienlân.
In Turbo Porter fan Mount Cook Skiplanes op it Davies Icefield, heech boppe de Tasman Gletsjer.
|
It Lân fan de Tûzen Terpen
Is Finlân ' It Lân fan de tûzen Marren', dan kin ús eigen Fryslân mei rjocht 'It Lân fan de tûzen Terpen' hjitte. Miskien hawwe der noch wol folle mear west. Yn de Case Study Terpen en Dyken learst mear oer de Bergen fan Fryslân. Fansels sjogge wy ek bûten ús provinsje, want ek yn Grinslân, East - en Noard-Fryslân wennen ea minsken op dizze bulyen.
Hegebeintum hat de heechste terp yn it Frysk-Grinser terpegebiet.
Nederlanners op fakânsje
|