Terpen en Dyken
Wa't oan Fryslân tinkt, tinkt faaks oan ús terpen en seedyken. De earste terpen binne sa'n 600 jier foar it begjin fan de jiertelling makke as beskerming tsjin it wetter fan de ûnberekkenbere Noardsee. Oan't 1000 jier lyn waarden se hieltiid heger en breder, laach foar laach. Yn dy terpen sit ús skiednis.
Hjoed de dei hawwe de terpen gjin echte funksje mear yn de beskerming tsjin it wetter, mar de seedyken wol. De boaiem sakket yn grutte parten fan de provinsje en de seespegel stiicht. Yn dizze workshop sjogge wy nei ús skiednis hjir yn it lân op 'e râne fan lân en wetter en meitsje in plan om hjir ek yn de takomst noch feilich wenje te kinnen. Oan dizze workshop is ek in besyk oan de Yeb Hettinga Skoalle keppele. Yn it Seaddehûs sjogge én ûnderfine wy it libben fan de misken dy't hjir sa'n 1300 jier lyn wennen. Ek geane wy nei it Fries Museum: Terpen en Dyken jout in oersjoch oer sa'n 2000 jier wurkjen mei én tsjin it wetter. |
Leech wetter op it Waad by Wierum.
|
Titelfoto: Feilich achter de swiere seedyk leit it âlde fiskersdoarp Wierum.