' Soargje foar it lân, soargje foar de minsken..... Foarút... oan 'e slach!
Dat is sa likernôch wat dizze driuwende boadskip yn it Te Reo, de taal fan de Maori, ús mei jaan wol. Net allinnich yn Nij-Seelân stiet it libben op ús planeet ûnder druk, ek ticht by hûs sjogge wy de gefolgen fan minsklik hanneljen. Mei ús artikels, workshops en ekskurzjes wolle wy dy ynsjoch jaan en de kennis opdwaan litte, om dyn bydrage sa suksesfol mooglik wurde te litten... kom op, oan de slach!
Dat is sa likernôch wat dizze driuwende boadskip yn it Te Reo, de taal fan de Maori, ús mei jaan wol. Net allinnich yn Nij-Seelân stiet it libben op ús planeet ûnder druk, ek ticht by hûs sjogge wy de gefolgen fan minsklik hanneljen. Mei ús artikels, workshops en ekskurzjes wolle wy dy ynsjoch jaan en de kennis opdwaan litte, om dyn bydrage sa suksesfol mooglik wurde te litten... kom op, oan de slach!
Us ekologyske fuotprint..... Om te libjen, te wenjen, te wurkjen en te rekreëarjen hat elk minske in stikje fan ús ierde nedich. De romte dy 't nedich is, kinst berekkenje en omrekkenje nei it stikje beskikber produktyf lân. Dy berekkening wurdt útdrukt yn mondiale hektares, yn it Ingelsk ‘global hektare’ (ôfkoarte ta gha ). De útkomst fan de berekkening is ús Ekologische Fuotprint. As alle beskikbere grûn earlik oer alle minsken ferdield wurde soe, dan is der per persoan wrâldwiid 1,7 gha beskikber. Oer de hiele wrâld brûke wy no trochinoar 2,6 gha de man. We freegje dus mear as dat der is, omdat we helpboarnen flugger ferbrûke as de ierde oanfolje kin en sa dus en sa dus yntearret op har reserves. Dit is ien fan de redenen dat der hieltyd minder romte oerbliuwt foar de natuer. De minske is mei de natuer yn konkurrinsje om de beskikbere romte, wêrby 't de natuer it hieltyd faker ferliest. It bioferskaat, de rykdom oan soarten bisten en planten, nimt yn in soad gebieten skrikbarend ôf.
'De voetafdruk van Nederland: hoe groot, hoe diep?' de titel fan it yn 2012 publisearre rapport fan it Planbureau voor de Leefomgeving (PBL). In update fynst hjir.
Yn it GeoGraphixs-programma sit lesmateriaal, workshops en ekskurzjes foar sa goed as alle hjirboppe steande doelen. By elk programma fynst de byhearrende piktogrammen, lykas by COASTWATCH.
|
Food for Thought
Fleisyndustry Foto: Kadir van Lohuizen.
|
8 april 2024 - Food for thought is in fjouwerdielige VPRO-searje op tv en NPO Start, dy 't hjoed úteinset is. Fotograaf Kadir van Lohuizen en regisseur Doke Romeijn sille op syk nei de wrâld achter it iten op ús board yn de Feriene Steaten, Sina, Kenia, Saûdy-Arabië en de Feriene Arabyske Emiraten. De searje bringt in ûntharkjend byld fan de bio-en itensyndustry, dy 't faak bûten ús eachweid bliuwt. Miskien dat wy it ek wol net witte wolle..... Nim dan yn alle gefallen de muoite nei dizze searje. Ja it is in ûngemaklik ûnderwerp, fuortsjen en ús ûnderwilens folfrette mei fleis is yndie makliker. De lannen yn de searje binne miskien Fierweistan, mar dizze wize fan produksje fan iten hawwe we spitigernôch ek noch yn Nederlân én Fryslân.
Mear op de webside fan de VPRO:
|
Op nei in bettere wrâld yn 2030
Yn septimber 2015 presintearre de Algemiene Gearkomste fan de Feriene Naasjes in santjin-tal maatregels foar in bettere, feiliger en duorsumere wrâld yn 2030. De plannen moatte in ein meitsje oan earmoede en honger. De beskerming fan it libben op ús planeet, op lân en yn de see, it klimaat meitsje diel út fan de plannen.
Foto rjochts: Ek al binne de Nij-Seelanners tige miljeubewust en witte se dat de natuer tige kwetsber is, dochs binne der fan de Hoiho (Gieleach Pinguïn) noch mar likernôch 1700 briedpearen. Ek yn dit gefal is de minske de grutste kweadogger (RDV6108).
|
Yn novimber 2019 is de Hoiho yn Nij-Seelân ferkeazen ta 'Fûgel fan it Jier 2019'. Foar mear foto's fan dizze bysûndere en seldsume pinguin: Hoiho - Noarderljocht.com. Sjoch hjir foar Bird of the Year New Zealand.
Ien fan de langstrinnende skoalprojekten is Coastwatch. Fan it Deenske waadkustgebiet oant België sette learlingen fan talleaze skoalle harren yn foar in skjinne see en in skjinne kust. De breedte fan it projekt is ôfhinklik fan de mooglikheden fan dyn skoalle, mar trochstrings wurkje de fakgebieten biology, skiekunde, ierdrykskunde / Mens & Maatschappij, maatschappijleer en wiskunde gear yn it projekt. Yn it ramt fan grinsoerstiigjende gearwurking, dogge ek de talen Dútsk en Ingelsk mei.
Honger nei enerzjy
We brûke op skoalle en thús in soad apparaten op elektrisiteit. Oft it no in lyts mobyltsje is of in magnetron. In lyts lân as Nederlân brûkt in protte elektrisiteit. Dizze elektrisiteit wurdt noch hieltyd foar it grutste part opwekt troch de ferbrâning fan stienkoal, oalje en gas. By dizze ferbrâning komme grutte hoemannichten CO₂
frij yn 'e atmosfear. De grutte konsintraasje CO₂ draacht by oan it opwaarmjen fan it klimaat op ierde. Yn de twa kartogrammen hjirûnder wurde de 'kweadwaners' yn byld brocht. Dúdlik wurdt, dat Nederlân relatyf sjoen, ien fan de grutste CO₂ produsinten is. Nog steeds wordt een deel van onze elektriciteit opgewekt in kolencentrales. Waarom moeten we zo snel mogelijk van deze manier van energie opwekking af zien te komen ? Lees ook het artikel 'Why are we still burning coal?' in de New Zealand Geographic van juni 2022.
Yn Dútslân fynt noch op frijwat grutte skaal brúnkoalwinning plak. Dit bart foaral yn deibou, lykas hjir op dizze foto by Garzweiler. Foto: ted007 / Fotolia yn de Geo fan 18 septimber 2018.
|
Kartogram fan de útstjit fan CO₂ yn 2009.
Boarne: geois.de. |
Lês it artikel "Stromerzeugung - Was Braunkohle so klimaschädlich macht" fan Peter Carstens yn de Geo fan 18 septimber 2018 en "The coal mine that ate Hambacher Forest", BBC News (12 july 2019). Yn it ferlingde hjirfan is it mear as de muoite wurdich om dizze foto's fan de Kanadeeske fotograaf Edward Burtynsky te besjen. De foto's litte de impact fan minsklik hanneljen op 'e ierde sjen: Human Scars on Earth. De bou fan stodammen foar it opwekken fan hydro-elektrisiteit hat yn it generaal in grutte ympakt op floara en fauna yn it gebiet. De BBC reportaazje 'Hydroelectric dam threatens to wipe out world's rarest ape' is mar in willekeurich keazen foarbyld.
Lês ek it stik yn de online GEO: "Hambacher Forst: Gerettet, um zu sterben?"
Duorsume enerzjy yn Nederlân
De enerzjy, dy 't wy yn Nederlân brûke, komt noch mar foar in part út duorsume enerzjyboarnen. De omskeakeling fan fossile enerzjyboarnen nei echt griene enerzjy giet boppedat mar stadich. Wat dat oanbelanget hawwe wy hjir noch in hiel soad wurk te fersetten. Op de webside energieopwek.nl in ynsjoch yn de opwekking fan duorsume enerzjy yn Nederlân: in real-time... Foar in enerzjyboarne is it tal levere enerzjy te sjen. Per regio data selektearje is ek mooglik.
Wat bedoele wy eins mei duorsume enerzjy opwekking of klimaatneutrale enerzjy? Dy fraach stiet sintraal yn 'Was steckt hinter dem Versprechen "Klimaneutral"?' yn de Geo, juny 2022.
Fleis of griente ?
Elts jier yn maart is de 'Nationale Week Zonder Vlees', mei as doel Nederlân bewust meitsjen fan de positive ympakt fan minder fleis ite, en litte sjen hoe maklik in dei sûnder fleis (en fisk) eins wêze kin. Mear ynformaasje fynst hjir. Dochst ek mei? Yn 2024 is dat fan 4 o/m 10 maart.
|
De yntinsive feehâlderij drukt in grut stimpel op ús miljeu. Foaral de fleiskonsumpsje is fan grutte ynfloed op ús ekologyske fuotprint. It wurdt dus heech tijd, dat der in ein komt oan de yntensieve feehâlderij sa't wy dy no yn Fryslân hawwe. Boppedat is ús sucht nei fleis en molke ek nergens goed foar, al wol de Nederlânske agri-industry ús dat graach leauwe litte.
Sjoch hjir hoe grut oft de fuotprint fan ferskillende fiedingsmiddels is. |
Flagge fan it Unferstân
In omkearde flagge is in teken fan it ûnferstân. No dat de PS-ferkiezings west binne, wurdt it dúdlik, dat it ûnferstân ek yn de provinsjale politiek fan Fryslân dringt. De roppers en razers hawwe in oar belang, dan foar ús Fryske lân, de grûn, it wetter, de natoer en harren ynwenners winslik is.
Der wurdt ropt en raast, faaks sûnder watfoar ûnderbouwing dan ek of gewoanwei mei falske en misliedende feiten. Sjoch foar mear hjir oer en it belang fan in betroubere parse op It frije wurd. |
Bergen ôffal
It liket wol oft in oanwinnende wolfeart yn in lân mank giet mei in groeiende berch ôffal. Yn in lân as Nederlân kinne we der ek wat fan, nettsjinsteande dat der hieltyd mear ôffal recycle wurdt. Dochs sille we mear dwaan moatte om ús miljeu sûn en leefber te hâlden. Op skoalle dogge we dat ûnder oare mei Coastwatch.
rjochts: Nylon fisktried, tou, fisknetten, sammele op it grintstrân fan Kinnvika op Spitsbergen. Dit ôffal foarmet net allinnich in bedriging foar seebisten, mar ek foar ús sels! (VRS2613).
|
Bisto der klear foar? Ek al makkest sels mar in hiel lyts tal troep... mei in bytsje goede wil en sûn ferstân kinst sels ek al in hiel soad betsjutte. Sjoch op: Be Ready to Change. Yn de Geo fan maart 2019 fynst it stik 'Plastikfasten - so verbannen Sie Plastik in 7 Schritten aus Ihrem Leben'. Ek yn Geo: Loftballonnen en seefûgels.
Lês mear oer Coastwatch.
|
Lês mear oer microplastics.
|
Meitsje in ein oan swalkôffal
Der binne in stik of wat handige apps, dy 't je helpe kinne by it yn kaart bringen fan swalkôffal. Je hoege it dêrnei allinnich noch mar op te romjen. Sjoch bygelyks mar ris op de webside fan Mooi Schoon, of dy fan HelemaalGroen en Litterati.
Doch ris Wad! - Doe eens Wad! - Alle kleine beetjes helpen!
Alle lytse bytsjes helpe!
It snoeppapierke op 'e dyk, it lege colablikje... Elkenien lit wolris wat falle of slingerje. Soms by fersin, sûnder der by stil te stean. Soms gewoan om der mar fan ôf te wêzen. Wat is it in lytse muoite om je ôffal mei te nimmen en letter yn in jiskefet te smiten. Is it slim om oarmans ôffal mei te nimmen? Nee, perfoarst net. Hieltyd mear minsken nimme op har kuier - of fytstochtsje de muoite swalkôffal mei te nimmen. Oft dat no yn harren doarp of wyk of op it strân is..... Doch ris Wad! litst sjen watst mei in bytsje muoite foar dyn omjouwing dwaan kinst. Oft dat no yn it Waadgebiet is of earne oars yn it lân....
Sjoch ek op wadvanwaarde.nl: Minsken dy't harren ynsette foar in plestikfrij Waad en it ûntwerpen, meitsjen en brûken fan sirkulêre produkten. Alternativen foar plestik produkten dy't ek noch ris lokaal makke wurde en it plestik hielendal ferfange.
|
Wêr bliuwt al dat plestik?
Henderson Eilân leit midden yn de Grutte Oseaan, healweis Nij-Seelân en Súd-Amearika. It eilân is ûnbewenne, mar dat soene je net sjen oan de grutte hoemannichte ôffal, dy 't der op de strannen leit. Wêr komt al dy troep wei?
Yn de National Geographic reportaazje 'What happens to the Plastic we throw out' komst mear te witten.
Yn de National Geographic reportaazje 'What happens to the Plastic we throw out' komst mear te witten.
268.000 ton plestik yn de oseanen. Boarne: New Zealand Herald. Kaart: Dumpark.
Yn de Geo van December 2020 is de list fan de Top -10 grutste plastic-fersmoargers fan de wrâld publisearre. Coca Cola stiet op nûmer 1 en it Nederlânske Unilever op plak fjouwer. Sjoch hjir foar it hiele artikel. Yn de Geo fan juny 2022 fynst it artikel 'Warum Plastik nicht immer schlecht ist'.
In oare kyk op Plestik: Oar Plestik
We binne sa wend oan al dy tapassingen fan plestik, dat we der mar al te maklik nei gripe. It is goedkeap, yn alle soarten en maten te krijen. Mar oan 'e oare kant begjinne wy de negative gefolgen foar ús honger nei plestik te fernimmen. We moatte op syk nei in duorsumere ferfanger. Yn it artikel fan Adrienne Bernard ' The Natural products that could replace plastic ' sjochst hoe 't dat kinne soe en hokker (natuerlike) grûnstoffen wy dêrfoar brûke kinne.
Op Be Ready to Change kinst sjen watsto dwaan kinst. |
Skjinne lucht
It liket derop, dat we it boadskip fan it belang fan skjinne lucht trochkrigen hawwe. Wy binne fan doel om yn de kommende tiid minder fossile brânstoffen op te stoken, wy geane oer op skjinnere enerzjyboarnen. Yn 'Skjinne Lucht' sykje we nei manieren om de loft, dy 't we azemje noch skjinner te krijen.
Yn dizze artist's ympression fan Carbon Engineering is in ynstallaasje te sjen, dy 't CO₂ út de loft sûget.
Foto: Carbon Engineering; Boarne: BBC. |
Yn Ijsland wurket it Switserske bedriuw Climeworks al mei in ynstallaasje om CO₂ út de loft te heljen. De ORCA-ynstallaasje sit by de enerzjysintrale fan Hellisheidir by Selfoss. Mear hjiroer yn de BBC reportaazje fan 9 maart 2023 en op de side fan Climeworks.
Mear beammen
Beammen binne de longen fan ús ierde. Sûnder beammen is der gjin libben op ierde mooglik. Samar twa útspraken, dy 't je faak hearre. Tagelyk ferdwynt der alle dagen in grut oerflak oan bosk. Beammen moatte wike foar lânbou en stedsútwreiding. Hjir en dêr wurde nije beammen oanplante. Dêr kin dochs neat mis mei wêze. It artikel 'Climate Change: Planting new forests can do more harm than good' fan BBC Science & Environment jout in oar ynsjoch... Lês ek it artikel 'Bäume als Klimaretter: Wie sinnvoll ist das Aufforsten?' yn de Geo fan 12 maaie 2021.
It plantsjen fan beammen op grutte skaal, lykas hjir yn Sina, is in goedkeape wize om CO 2 út de atmosfear the fangen, mar dêrfoar is in hiel soad lân nedich. Foto: Getty Images. Boarne: BBC News Science&Environment, 9 maart 2023. Sjoch hjir foar it artikel 'Climate change: New idea for sucking up CO2 from air shows promise'.
..... mear rein
Yn in op 5 july 2021 yn Nature Geoscience publisearre rapport fan in tal klimaatwittenskippers, wurdt steld, dat útwreiding fan it boskoerflak (yn Europa) liede kin ta in taname fan delslach yn de simmer fan sa 'n 7%. In gearfetting kinst lêze yn 'Climate change: Planting extra trees will boost rainfall across Europe', troch Matt McEngh (BBC Science and Environment fan 6 july 2021. It hiele ferslach fan Meier, R. , Schwaab, J. , Seneviratne, S.I. en oaren, hjit: ' Empirical estimate of forestation-induced precipitation changes in Europe '. Nat. Geosky. 14, 473 – 478 (2021) fynsto hjir: https://doi.org/10.1038/s41561-021-00773 -6.
Ozon giet goed?
De ozon-laach yn de atmosfear herstelt him stadich, sûnt yn de jierren '90 fan de foarige iuw in wrâldwiid ferbod op skealike driuwgassen yn û.o. spuitbussen. Dat wurdt steld yn in rapport fan de Verenigde Naties, dat begjin novimber 2018 yn Quito presintearre waard.
As de trend fan werstel him trochset, dan sil nei ferwachting it gat yn de ozon-laach boppe it noardlik poalgebiet om 2030 hinne ticht wêze. It gat boppe it Súdpoalgebiet hat langer nedich en soe om 2060 hinne tichtmakke wêze kinne. |
De atmosfear boppe it Súdpoalgebiet yn septimber 2000 (links) en septimber 2018 (rjochts ). De pearze en blauwe kleur markearje de gebieten, dêr 't de ozon-konsintraasje yn 'e atmosfear it leechste binne. Foto's: NASA, AP. Boarne: New Zealand Herald, 6 novimber 2018.
|
Loft fol mei fleantugen
Loftfeart hat ús wrâld feroare, ... ferbettere, of...? Mear oer dit ûnderwerp fynst yn Fleantúch en Globalisearring. Yn dizze fotoreportaazje sjochst in pear oerkes London-Heathrow in Airporttraits
Duorsum op see
De wrâldseeën binne in wichtige fiedselboarne. Dy sil yn de kommende tiid allinnich mar mear ûnder druk komme te stean, trochdat we oan de iene kant de see leech fiskje, oan de oare kant we sa 'n soad ôffal yn see dumpe , dat it libben yn gefaar komt. Yn 'Duorsum op See/Duurzaam op Zee' sjogge we hoe 't we ús seeën beskermje kinne.
Op de webside fan de Global Fishing Watch krijst in goed oersjoch fan alle fiskerij-aktiviteiten, dêr 't dan ek op de wrâld. Yn kombinaasje mei sites as MarineTraffic krijst realtime data oer û.o. de posysjes fan (fiskers)skippen.
|
Sirkulêre ekonomy
Yn in sirkulêre ekonomy, ek wol 'kringloop-ekonomy' neamd, wurde kringlopen sletten en grûnstoffen optimaal brûkt. In Sirkulêre ekonomy is mear as recycling. It is in systeem dêr 't yn foarkaam wurdt, dat einige grûnstoffen net útput en reststoffen, dy 't frij komme by de produksje, opnij ynfierd wurde yn it systeem. De enerzjy foar de produksje komt fan wernijbere boarnen: wetter, sinne en wyn.
|
Yn sa wat alle dielen fan Nederlân ûntsteane der plannen foar de ynrjochting fan in sirkulêre ekonomy. Ek by dy yn 'e buert. Mei Geographixs wei sjogge wy hokker aktive bydrage wy leverje kinne.
Nude Shopping/Bleat winkelje
Op it earste each in wat pikante titel, mar wês gerêst. It betsjut net dat je tenei yn je bleate nei de supermerk moatte. Lês hjir it artikel yn de New Zealand Herald van 14 jannewaris 2019. |
'Neakene griente' yn de New World supermerk. Foto: New World, yn de New Zealand Herald fan 14 jannewaris 2019.
|
Boarnen en media