It Frije Wurd
Dizze tekst komt út Artikel 19 fan de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minsk, opsteld yn 1948. Elkenien hat rjocht op ûnôfhinklike, betroubere en tidige ynformaasje. Minsken hawwe dy ynformaasje nedich om ynfloed út te oefenjen op harren libbensomstannichheden en de krekte beslissingen te nimmen.
Parsefrijheid en frijheid fan ynformaasje binne dêrby ûnmisber. In organisaasje as Free Press Unlimited stipet (lokale) sjoernalisten, benammen yn lannen mei beheinde (pers)frijheid. Dizze minsken steane ticht by harren publyk en binne de bêste garânsje foar in duorsum, profesjoneel en ferskaat medialânskip. Free Press Unlimited stelt se by steat om minsken tagong te jaan ta de ynformaasje dy 't harren helpt te oerlibjen, harsels te ûntwikkeljen en wêrmei 't se harren oerheden kontrolearje kinne.
Wannear 't in skriuwer oanfallen wurdt, stiet it frije wurd yn 'e wyn. Keunstners fiele har needsum om it op te nimmen foar harren kollega Pim Lammers dy 't dizze wike bedrige waard. Yn de Ljouwerter Krante en it Dagblad van het Noorden fan 11 febrewaris 2023 stiet dizze tekening fan Joep Bertrams. Boarne: Leeuwarder Courant, 11 febrewaris 2023.
"I won't die for a photo..." Mei dizze wurden iepenet de koarte reportaazje oer it wurk fan fotosjoernalist Ron Haviv. Hy is ien fan de tûzenen fotosjoernalisten, dy 't alle dagen op paad binne én soms har libben riskearje.
A journalist tells stories. A photographer takes pictures of nouns (people, places and things). A photojournalist takes the best of both and locks it into the most powerful medium available – frozen images. Photojournalists capture ‘verbs’.” Fotosjoernalistyk hâldt mear yn as allinnich mar ferslachjouwing, it dokumintearjen fan (in stikje) werklikheid. It is in foarm fan sjoernalistyk, wêrby 't de kamera de aktualiteiten, barrens en de omstannichheden ûnmanipulearre fêstleit om it resultaat dêrnei te publisearjen. It doel fan it meitsjen en brûken fan foto's yn (nijs)artikels is it ferskaffen fan oanfoljende ynformaasje om dêrmei it barren of it nijsfeit te tsjutten en (mear) ynsjoch te jaan. Fotosjoernalistyk wurdt sûnt jier en dei mei oarlochsfotografy assosjearre, faaks feroarsake troch it feit, dat bylden fan de ferskrikkingen fan oarloggen en konflikten, sa folle mear op ús netfluezen brând wurde, as minder oangripende foarfallen. Fansels is it wurkterrein fan de fotosjoernalist folle grutter. Fotosjoernalistyk is in folweardich ûnderdiel fan de sjoernalistyk.
Noarmen en wearden fan fotosjoernalisten binne deselde as dy fan skriuwende sjoernalisten. Beide sjoernalistike foarmen hawwe in 'waakhondenfunctie'. In fotosjoernalist heart akkuraat, objektyf en betrouber te wêzen. In goede fotosjoernalist is dat! Yn de workshops geane wy yn op ûnderwerpen as objektiviteit en subjektiviteit, feiten, mieningen én sjogge wy nei it fenomeen nepnijs. |
Boarnen en media
|
Foto lit de waansin sjen fan oarlochsgeweld
De foto hjirneist, makke troch de Associated Press fotograaf Eddie Adams, gie yn febrewaris 1968 as in skok troch de hiele wrâld. De foto die tûzenen minsken, yn Amearika, mar ek hjir yn Europa, út protest de strjitte op gean.
De eksekúsje fan Fjetkong-offisier Nguyen Van Lem yn Saigon, op 1 febrewaris 1968. Foto: AP / Addie Adams. Boarne: BBC News, 29 jannewaris 2018.
|
Libje yn frijheid mei in frije parse
Libje yn frijheid is yn Nederlân sa goed as fanselssprekkend. Dat sjoernalisten, ferslachjouwers en parsefotografen harren wurk yn alle frijheid dwaan kinne is dat ek. Yn Nederlân en noch yn in hânfol oare lannen. Op de webside fan Reporters without Borders sjochst, dat yn in soad lannen de frijheid fan parse hielendal net fersekere is. Lês ek it artikel 'Persvrijheid meer onder druk, ook in Nederland' (NOS Nieuws, 19 april 2019 ).
Op sneon 11 febrewaris 2023 brocht de Leeuwarder Courant op de foarside in Oade oan it Frije Wurd mei in gedicht fan Sigrid Kingma, de dichter fan Fryslân. Direkte oanlieding wie in tal fan bedrigings oan it adres fan skriuwer en dichter Pim Lammers út Easterwâlde. Hjirûnder it gedicht Frije Murd:
Frije Murd Frije Murd hat in ferhaal mei in swypkjende sturt kraaleach kostlike krûper De kopijskriuwer wit in goudbrune hazze of hin yn smoarge klauwen in lús yn de pels sa'n sturtswyljende smycht kinne wy op skjin papier net ha Harrejasses, soest him smoare as er dyn piken snipte hou yn de stjockende harses De leafhawwer wol út dy pinne mantelmurden op skrift allinne nee, yn fiksje nea slacht ien Frije Murd dea Sigrid Kingma |
Roppers en Razers...
De satellytweinen dêr 't de NOS mei troch it lân rydt om op lokaasje wurkje te kinnen, binne net mear foarsjoen fan it logo. De NOS sjocht him dêrta twongen troch in oanhâldende rige bedrigingen oan it adres fan meiwurkers. (Lês hjir it hiele berjocht). De bedrigingen komme út ferskate hoeken en namen yn fûleindigens ta yn de corona-krisis en de boereprotesten fan 2022. Hjir in lyts fragmint fan de webside fan De Gelderlander:
Boerenboosheid
Vanwaar die woede? Die kwam door een publicatie ná het protest, waarin een journalist van deze krant de beweringen van voorman Kemp kritisch tegen het licht hield. Hij checkte de stellige beweringen die de voorman tijdens het veel besproken optreden op het actiepodium in Den Haag had gedaan, en zocht daar cijfers en feiten bij. Conclusie: sommige beweringen klopten, maar op veel claims viel ook iets af te dingen. In ieder geval te nuanceren. De Gelderlander kreeg een flinke dosis boerenboosheid over zich heen, inclusief een bezoek van een aantal boeren per trekker aan de redactie in Doetinchem en een bericht dat een groep agrariërs van plan zouden zijn om hun abonnement op De Gelderlander op te zeggen.... Website De Gelderlander |
Tekening fan Tony Tati (pennestreek.nl) op de weside fan NieuweOogst.nl oer hoe 't bûtenlânske media nei de boereprotesten fan 2022 seagen.
|
Moatte roppers en razers de romte krije?
Arbeidsomstannichheden en de 'fuortsmytmaatskippij'
Michael Wolf begûn syn karriêre as fotosjoernalist foar ûnder oaren de renommearre tydskriften Geo en Stern. Yn 2003 makke hy de oerstap nei frij wurk. It sintrale tema fan syn wurk is it libben fan minsken yn de altyd feroarjende metropoalen. Yn syn searje ' The Real Toy Story ', dy 't er yn 2004 yn Sina makke, drukt er ús op de ûnfoarstelbere hoemannichte goedkeap plestik boartersguod, dat ûnder trochstrings minne wurkomstannichheden yn Sineeske fabriken produsearre wurdt. Foto: Dit wurk fan Micael Wolf wie te sjen op de tentoanstelling oer syn wurk yn FotoMuseum De Haach yn 2018.
Mear oer 'The Real Toy Story'. De oersichtstentoanstelling fan Michael Wolf's wurk wie yn 2018 te sjen yn it Fotomuseum yn De Haach.