Coastwatch 2026
Jierliks weromkommende ûnderdielen binne Coastwatch en Waadplestik (Waddenplastic). Gewoanwei fine se yn de moannen april, maaie en yn septimber / oktober plak. Yn de maitiid fan 2020 wie alles ynienen oars. Troch de Korona kaam alles stil te Lizzen. Dernei binne wy op lytsere staal aan 'e lach west. Wy geane yn de maitiid fan 2026 wer mei Coastwatch en Waddenplastic op paad. Mei in oare insteek en op in lytsere skaal kunst mei ús mei nei de Fryske Waadkust by Zwarte Haan én op it Amelân. Fan 7 oan't en mei 13 april 2026 binne wy op de westpunt fan it eilân. Dan yn ein maaie komt der in nije groep: 26 maaie oan't 1 juni, ek op de westkant fan Amelân.
Ek tichter by dyn skoalle bliuwt der noch folop wurk oan de winkel. Dyn dosinten witte der mear oer. Wy bliuwe ransels ek trok dwaalde mei ús ynset foar lokale aktiviteiten as de ' Himmeldei ' op ferskate plakken yn de provinsje, mar ek foar de World CleanDay. Dizze is dit jier op sneon 20 septimber.
Ek tichter by dyn skoalle bliuwt der noch folop wurk oan de winkel. Dyn dosinten witte der mear oer. Wy bliuwe ransels ek trok dwaalde mei ús ynset foar lokale aktiviteiten as de ' Himmeldei ' op ferskate plakken yn de provinsje, mar ek foar de World CleanDay. Dizze is dit jier op sneon 20 septimber.
It Amelân 2026
|
We binne dit jier in stik as wat kearen op it Amelân. Yn april hawwe wy oan it wurk west oan de seedyk by Hollum. Neist it strân en de rûchte by de Westergrie binne in stikmannich proefflakken útsocht. Der wurdt de kommende wiken hurd wurke om alle flakken nei te sykjen. De útkomsten fan Flak 1 (by de reade stip op de kaart en de loftfoto hjirneist) oan de foet fan de seedyk op in meter ûnder it fytspaad by Peal 1.1 fan Wetterskip Fryslân binne skrikbarend.
It is net te befetsjen dat yn sa'n lyts stikje floedmerk (fan 40 by 40 sintimeter en 10 sintimeter djip) sa folle plestik en lyksoartige materialen oantroffen binne. De foto hjirûnder lit wol sjen, dat der wat plestik-kerrels en sa lizze, mar net wat der fierder yn it floedmerk ferstoppe sit.
Underwilens (20 april) is al it yn dit proefflak oantroffen materiaal ynventarisearre. Yn dit earste flak, fan 40 by 40 sintimeter en 10 sintimeter tsjok, op 1 meter ûnder de râne fan it fytspaad, hawwe wy in mear plestik fûn, dan we ea tinke koene. Yn it organysk materiaal, mei in totaal gewicht fan 1.100 gram, siet mar leafst 40 gram oan anorganysk guod:
Hjirneist lizze alle stikjes en kerrels.....
Meikoarten hawwe wy ek de resultaten fan de oare proefflakken.
|
Utsnede fan de topografyske kaart en derneist de loftfoto fan itselde gebiet oan de westkant fan Hollum. Kaart en foto: TopoTijdreis.nl. Op ús foto hjirûnder de seedyk, it fytspaad en de grutte stienen oan de foet fan de dyk (VRS3818).
Hjirneist: boppe op it floedmerk fan it earste proefflak by Peal 1.1 binne in stikmannich HDPE-kerrels te sjen, mar ek oare plestik stikjes en saneamd fiskplús (blauwe en griene triedsjes) (VRS3819).
|
Werom nei Coastwatch 2019 - Waddenplastic yn it Nijs
|
Coastwatch-Waadplestik 2019. Learlingen út learjier 1 wurkje yn april en oktober yn it dykfak tusken De Westhoek en Swarte Haan oan de Fryske Waadkust. De earste wurkdei fan 2019 wie dit foarjier op freed 12 april 2019. Yn wike 42 wie der in 'gewoane' Coastwatch, mar ek dan sille we dan noch wol spesjaal nei de HDPE-kerrels (Hoge Dichtheid Poly Ethyleen) sykje. Yn ferbân mei de kontenerramp feroarsake troch de MSC Zoe, yn de nacht fan 1 op 2 jannewaris 2019, sykje wy yn april yn in selektearre dykfak spesjaal nei lyts plestik (ôffal-) materiaal. Dit dogge wy foar Waddenplastic.nl, ûndersyk, dat útfierd wurdt troch de RuG.
Hjir op dizze side fynst alle ûndersyksresultaten fan Coastwatch 2019.
|
Eltse HDPE-kerrel yn it ûndersyksfak fan 40 by 40 sm wurdt teld en yn in bakje sammele. Swarte Haan, 12 april 2019.
|
Fan de brêge boppe de útlaat fan it gemaal Swarte Haan, wurdt om de 10 meter in fak fan 40 kante sintimeter yn it floedmerk ûndersocht op plestik kerrels. De eksakte posysje en de gegevens wurde fuortendaliks ynfierd yn de ArcGIS web-app. Undertusken bliuwt ek de fierrekiker paraat, want ek de fûgels moatte noch ynventarisearre en teld wurde!
Loftfoto fan it ûndersochte gebiet by it gemaal fan Swarte Haan. Om de 10 meter is oer in ôfstân fan 300 meter socht nei plestik kerrels. Dêrneist is op trije plakken (A, B en C) in meunster fan yn trochsneed 79 gram út oanspield materiaal nommen. Op plak A (78 gram) waarden 19 kerrels oantroffen, op plak B (80 gram ): 13 kerrels en op plak C (79 gram ): 4 kerrels. Foto: Google Earth.
Klik hjir foar de fotoreportage, makke troch frou Jorissen.
Mear oer....
|
Waddenplastic.nl
Fia de webside Waddenplastic.nl freget de Ryks universiteit Grins (RuG) help by it yn kaart bringen fan de plestikfersmoarging yn it Waadgebiet: net allinnich op de Waadeilannen, mar ek op de Fryske kust. Dêrûnder falle ek de dykfakken yn ús jierlikse Coastwatch-ûndersyk. It ûndersyk rjochtet him spesjaal op de HDPE-kerrels, lytse boltsjes, de grûnstof foar in soad plestik produkten. ( HDPE is de ôfkoarting fan Hoge Dichtheid Poly Etheen )
In lyts part fan de plestik kerrels dy 't fûn binne yn in bakje. Neigeraden dat se langer op it strân of yn it wetter lizze, groeie der algen op. Fûgels sjogge de kerrels dan faak foar iten oan.
|
Coastwatch
Coastwatch is in langrinnend ynternasjonaal projekt foar learlingen yn de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis, fan Denemarken oant België en de oare kant fan de Noardsee. Dêrneist dogge der ek oaren mei, lykas natuerferieningen én GeoGraphixs. Eins elkenien, dy 't meihelpe wol oan in skjinne, mar foaral sûne see. Oft dat no de Waadsee, de Noardsee of in oare see of in mar is....
Waarom Coastwatch ?
Dêrom dus... Bist noch net hielendal oertsjûge, sjoch dan noch even nei de plestik sop:
|
|
Wat dogge wy foar Waddenplastic?
Op in tal selektearre punten yn ús dykfak tusken Swarte Haan en Westhoek sykje wy yn fakken fan 40 by 40 sintimeter nei net-natuerlike materialen en telle dêryn de hoemannichte HDPE-kerrels. De lokaasje, de hoemannichte kerrels fiere wy op de app. Om de 10 meter oan 'e floedline fiere wy dy telling út. Yn it ynstruksjefilmke sjochst hoe 't dat yn syn wurk giet.
De gegevens gean nei Waddenplastic/RuG. We fiere se yn op de ArcGIS web-app. Se binne dan dadliks online beskikber op ArcGIS Waddenplastic:
De ArcGIS webside dêr ’t alle oant no ta ûndersochte lokaasjes op oanjûn binne. Dit is de stân op 10 maart 2019. Yn april wurde ús nijste gegevens taheakke.
|
Wat dogge wy foar Coastwatch?
1. Wy bringe de yn ús kustfak oanwêzige plante - en bistesoarten oan de foet fan de seedyk yn kaart. Dit dogge wy mei de strânscanner app. Dy kinst hjirûnder del helje: 2. We bringe alle dingen, materialen, dy 't eins net yn see of op it strân thús hearre yn kaart. Ek dit dogge we mei de strânscanner app.
3. Alles wat net op it strân thúsheart dogge wy yn jiskepûden en fiere wy ôf *. * Wy kinne / meie net alles meinimme: gjin deade bisten, mar ek gjin dingen dy 't mooglik gefaarlik wêze kinne. Dêr meitsje we in foto fan en warskôgje de eksperts fan Coastwatch. 4. We sykje spesjaal nei mooglike resten fan de ferlerne lading fan de MSC Zoe op 1 jannewaris 2019. Dit is in ferfolch fan ús earste ûndersyk fan Waddenplastic op 12 april 2019. We binne der dus al mear as seis jier mei aan de gong. 5. Op skoalle sortearje wy it fûne ôffal nei soart en komôf. 6. We fiere alle gegevens yn Survey123 yn. |
|
Wêr is Waddenplastic?
|
Wêr is Coastwatch?
|
|
Wy wurkje foar Waadplestik yn itselde ûndersyksgebiet as dat fan Coastwatch. Dêrtroch is it goed mooglik om gegevens te kombinearjen.
Op it kaartsje hjirneist sjochst ús hiele Coastwatch-gebiet. |
Wy wurkje yn de kuststrook fan Swarte Haan oant de Westhoek. Yn totaal giet it om in lingte fan 6,5 kilometer. De ûndersyksstrook wurdt rekkene fan de krún ôf (top) fan de seedyk oant de wetterline. Foar it ynventarisearjen fan de fûgels en oare bisten rekkenje wy dêr noch in strook fan 100 meter see by. Om te oriïntaasje: de strekdammen lâns de kust fan dit gebiet hawwe likernôch dizze lingte. Eltse wurkgroep krijt in dykfak fan 500 meter lingte. Klik hjir foar it oersjoch. Op de foto hjirûnder sjochst ús folsleine wurkterrein. Wy wurkje fan rjochts nei links op de foto, dus fan Swarte Haan oant De Westhoek
|
|
Waddenplastic
programma april 2026 Klontsjes paraffine (links) en HDPE-kerrels.
Foto: WUR Wageningen. |
Coastwatch
april 2026 Yn wike 15 fan 7 oan't 10 april 2026 sille wy wer mei it nije Coastwatch programma oan de slach, op de westpunt fan it Amelân. Inkelde wurkgroepen sille hjir HDPE-ynventarisaasje útfiere. Hjir fynst it deiprogramma, mei dêrby noch efkes koart it listje mei saken dy 't meinimme moatte. De twadde groep giet hjir yn wike 22 oan de slach.
Wat hast nedich foar Coastwatch? - Fyts - Mobyl mei de strânscanner app - Fototoestel (kamera op mobyl kin ek) - pinne / potlead (+ eventueel reserve) + skriuwpapier - Passende klean: hâld rekken mei de ferwachte, mar ek ûnferwachte waarsomstannichheden - Eat te iten en te drinken (lunsjpakket) |
|
Claudine, Vianney en Loes wurkje by de ' útsjochtafel ' op de seedyk by de Slachte harren gegevens by. Dit dogge wy no net mear op papier mar mei de strânscanner app.
Resultaten Coastwatch 1.0
De resultaten fan de Coastwatch 2017 fynst hjir. De resultaten fan de Coastwatch 2018 fynst hjir. De resultaten fan de Coastwatch 2019 fynst hjir. Yn 2020 o/m 2022 hawwe wy gjin Coastwatch-ûndersyk útfierd. We binne yn de maitiid fan 2023 wer útein set mei de oanpaste ferzje fan Coastwatch, siz mar Coastwatch 2.0. |
Mear ynformaasje en links
|
Coastwatch oan de râne fan de wrâld: Spitsbergen
|
Ein augustus 2017 wie GeoGraphixs op Spitsbergen. Oer in lingte fan 500 meter waard op it strân fan Kinnvika socht foar AWI-Litterbase nei mikroplastics. Al it plestik ôffal waard foar neier ûndersyk meinaam. Hjir speure Jetske (links) en Corina nei lytse stikjes plestik tusken it grint. Op 'e eftergrûn leit de Antigua yn 'e baai.
Mear oer Litterbase.
|
Restanten fan keunststof tou oan de houten peallen fan de strekdaam by Wierum. It materiaal wurdt troch fûgels brûkt om der in nêst fan te bouwen. Spitigernôch reitsje in soad jonge piken, neidat se út it aai krûpt binne, tangele yn 'e sterke triedden en fine as sa de dea. Lytsere stikjes plestik wurde faaks foar iten oansjoen, hielendal as dêr algen op oangroeid binne.....
|
Kom yn aksje....
|
We sille op de seedyk mei eigen eagen sjen, dat in dei Coastwatch net foldwaande is alle swalkôffal fuort te krijen. It is in lytse muoite om op oare mominten swalkôffal op te krijen. Fansels helpt it in stik as we der foar soargje, dat der net fan dit soart ôffal leit. It is dochs in lytse muoite om it lege blikje of pakje yn in ôffalamer te smiten... Gjinien sit dochs te wachtsjen op plaatsjes lykas hjirneist?
20 september 2026
|
|
Kraanwetter oeral fersmoarge mei plestik
Rotterdam, tongersdei 7 septimber 2017 - We drinke hieltyd mear mikroplestik. Kraanwetter befettet hieltyd mear piiplytse dieltsjes dy 't der net útfiltere wurde kinne. In wrâldwiid ûndersyk wiist dat út, meldt de Britske krante The Guardian. Allinnich al yn de stêd New York blykte leafst 94 persint fan it teste kraanwetter plestiks te befetsjen. It drinkwetter yn Europa is it skjinst, al is yn Grut-Brittannië, Frankryk en Dútslân 72 persint fan it ûndersochte kraanwetter fersmoarge. De dieltsjes sitte ek yn sûker en huning, yn bier en sels yn de loft. In Frânske stúdzje toande oan dat it yn Parys bygelyks jierliks 10 ton oan mikroplastics ‘reint' . Undersikers fan de State University of New York, meitsje harren grutte soargen. It is bekend dat bisten troch plestik yn it wetter kampe mei sûnensproblemen. Oesters bygelyks blieken minder en lytsere neikommelingen te krijen. De ûndersikers tinke dat de minske ek gefaar rint. Boarne: NRC en The Guardian (orizjinele artikel) |
Yn grutte parten fan de wrâld komt drinkwetter net út de kraan, lykas by ús, mar keapje je it wetter ferpakt yn plestik flessen. De lege flessen wurde meastentiids fuortsmiten en bedarje sa úteinlik sels dus yn it drinkwetter.
|
|
It ynternasjonale projekt Coastwatch rint al in grut tal jierren... Net allinnich yn Nederlân, mar ek yn de oare lannen om de Noardsee en Eastsee hinne. It projekt is in inisjatyf fan Stichting De Noordzee.
|