GeoGraphixs Twa & Trijetalich Underwiis
Hieltyd mear skoallen yn Nederlân biede twatalich ûnderwiis oan. Yn de measte gefallen betsjut dit, dat learlingen harren lessen yn it Nederlânsk en foar in part yn it Ingelsk folgje kinne. Yn neifolging fan in tal basisskoallen yn de provinsje Fryslân, set in hantsjefol skoallen yn it fuortset ûnderwiis yn dizze provinsje har no ek yn foar de ûntwikkeling fan én it oanbieden fan lessen yn it Frysk, Ingelsk en Nederlânsk. Geographixs stipet al in pear jier de 'Trijetalige Skoalle' (Drietalige School ). Dat betsjut, dat in grut part fan de ynhâld fan de workshops en it oare lesmateriaal yn it Frysk en it Ingelsk beskikber is. Hjirmei kin de dosint syn lessen en / of workshops ynrjochtsje.
Njonken ûnderwiis yn de Fryske of Ingelske taal is der in groeiend oanbod oan ûnderwerpen út de eigen leefomjouwing (Fryslân) en besibbe tema's út de wrâld om ús hinne. Tink dêrby oan bygelyks de ûntwikkeling fan it iepenbier ferfier yn Fryslân en Skotlân, mar ek de striid tsjin it wetter, wêrby 't der in ferlykje makke wurdt tusken Fryslân en de steat Louisiana yn de Feriene Steaten. In oar foarbyld is de ûntwikkeling fan de lânbou yn Fryslân, de Feriene Steaten en Nij-Seelân, mei dêrby in fergelykjen fan de (glês)túnbou en de melkfeehâlderij fan de twa lannen.
Frysk yn 'e Wrâld
De geografyske aspekten fan taal steane sintraal yn 'Frysk yn 'e Wrâld'. Yn dizze workshop sjogge wy nei it Frysk en oare (minderheids -) talen yn ’e wrâld. Wy sjogge hjir ek nei de talen fan de oare Fryslannen: East - en Noard Fryslân. Hoe wichtich is it ast prate, lêze, skriuwe én sjonge kinst yn dyn eigen taal? De Nuxálk en Namgis Indianen út British Columbia leare ús, hoe 't it is, ast dy net yn dyn eigen taal útdrukke meist.
Master houtsnijder Tia 'kuulth moast sels syn namme feroarje litte yn Harry Schooner. Gelokkich kin er no wer by de namme neamd wurde, sa 't syn âlden him dy jûn hawwe. Mear fynst op Noarderljocht: Nuxalk First Nations (IMGP8417).
Technology as bedriging foar de taal
Geregeld ferskine der berjochten yn de media oer de bedrigingen foar lytse of minderheidstalen. Gewoanwei giet it dêrby om de rol fan in 'oerhearskjende' taal, lykas yn it gefal fan it Frysk, it Nederlânsk en it Ingelsk. Dat dy bedriging ek út in wat ûnferwachte hoeke komme kin, jout it artikel fan Egill Bjarnason oan. Yn it artikel "Technology threatens Icelandic Language", publisearre op de nijswebside fan de ‘New Zealand Herald’ fan 23 april 2017, beskriuwt er, dat syn memmetaal net allinnich ûnder druk komt te stean troch it tanimmend gebrûk fan it Ingelsk yn bygelyks de toeristyske sektor, mar ek hieltyd mear troch de tapassing fan it Ingelsk yn digitale technology. It grutste part fan de tapassings is ynrjochte op it brûken fan én it werkennen fan it Ingelsk, mar net, lykas yn dit gefal, it Ijslands. Lês hjir it (Ingelsktalige) artikel fan Egill Bjarnason.
Oan it begjin fan it nije skoaljier krijst dyn persoanlike ynlochkoade foar it brûken fan GeoGraphixs. Mei dizze koade krijst ek tagong ta de foto's en yllustraasjes yn GeoPhoto.
|
Friezen om utens
Yn 'Friezen om utens' geane we op syk nei de minsken, dy 't earne oars yn de wrâld harren plak fûn hawwe. Wy sjogge nei de earste Fryske wrâldreizgers, de walfiskfarders, de hannelsfarders nei de Eastsee, mar ek nei de talleaze lângenoaten, dy 't yn de jierren nei de Twadde Wrâldoarloch it lân ferlieten, op syk nei in bettere takomst earne oars: Friezen om utens yn Amearika, Australië en Nij-Seelân. In ferfolch op dizze workshop is 'Mei Tasman nei de Unbekende Wrâld'. We folgje de grutte ûntdekkingsreizgers fan de wrâld. Yn opdracht fan de Verenigde Oost-Indische Compagnie makke Abel Janszoon Tasman út Lutjegast yn Grins in oantal reizen nei de Unbekende Wrâld.
'Frisians all over the World'.
|