Winaam, in foarname terp
Tusken 1991 en 1993 binne der opgravings by it doarp útfierd op de doarpsterp fan Winaam en op de terp Tjitsma, krekt east fan it doarp. It wie in bysûndere fynst yn 1953, dy't by it graafwurk foar in nije drainaazje op it lân fan Bergmans oan it ljocht kaam. Neist twa deadshollen waard in stik van in fibula fûn. Alline de fuotplaat fan de mantelspjelde waard destiids fûn. Yn 1990 en yn 2009 binne der fragminten ût de grûn kaam, dy't mooglik by dizze spjelde hearden. De fibula is fan goud makke en is ynlein mei reade almandyn en datearret fan rûn it jier 625, út de earste helte fan de 7e ieuw. Om it in sieraad is, dat troch immen mei in hege status droegen waard, wurdt it ek wol de keningsfibula fan Winaam neamd.
De fibula fan Winaam yn it Fries Museum.De gouden fibula fan Winaam is fersierd mei mear as 300 stikjes read, granaat of allmandijn. It sieraad is nei alle gedachten droegen troch in frou en is sa bysûnder dat in soad minsken tinke, dat soks allinne yn keninklik besit west hawwe kin. (VRS9441).
Op de webside fan Archeologie.frl kinst de fibula fan alle kanten besjen. |
Tongersdei 18 novimber 2021, winterweet wurdt op de ikker fan de Tjitsma-terp siedde.
De terperige eastelik fan it doarp op de hichtekaart fan it Actueel Hoogtebestand Nederland (AHN), mei twa kaartlagen: AHN4 DTM Blau Grien Oranje, 50% trochskynend en AHN4 DSM Hillshade, Kontoer- en skaadwurking. Op de Google Earth foto hjirûnder is likernôch itselde gebiet yn byld brocht. Tsjin de Tjitsma terp it grutte boupleats fan de famylje Bergmans.
Winaam, mei rjochts fan it dorp de terperige. Foto: Google Earth.
De foarming fan de kwelderwâl dêr 't letter Winaam op ûntstien is, begûn om sa rûn 150 jier foar it begjin fan ús jiertelling en hold op it stuit op dat de earste terpen opsmiten waarden, likernôch 175 jier nei it begjin fan de jiertelling. Yn 325 jier tiid wie der in rêch mei in hichte fan 85 sm ûntstien. Op guon plakken waard de kwelderwâl trochsnien troch slinken. Ien fan dizze geulen is noch prominint oanwêzich yn it lânskip. It is de Rie, dy 't efkes noardlik fan de terpen rige troch it lânskip snijt, en dêrtroch de hegere lizzing fan de kwelderwâl mei dêrop de ferskillende terpen, beklammet. Yn it westen wie der in ferbining mei it waad. Tsjintwurdich foarmet dizze feart noch altyd de grins tusken it doarpsgebiet fan Winaam en de doarpsgebieten fan Pitersbierrum en Seisbierrum.
Op de kwelderwâl lizze de resten fan inkele terpen. Mear nei it noarden, oan de de oare kant fan de Rie leit de kwelderwâl mei derop de terpdoarpen fan Pitersbierrum en Seisbierrum. Dizze kaart stiet op it ynformaasjeboerd by de terpentoer. (DSCN6437).
Terpentoer Winaam
By Winaam is in koarte rûte makke, dy't in better sicht op de terp fan Winaam en de Tjitsmaterp jout. Boppe op de 'terpentoer' binne de gloaiïngs eastelik fan Winaam by de pleats fan Bergmans goed te sjen. Fierder nij it noardeasten de terpen fan Pitersbierrum en Seisbierrum. It nije bouwurk is yn de foarm fan in 'mini-terp'. Yn de terp let it keunstwurk fan Roelie Woudwijk: yn in swalkstien is de terpe-rige fan Winaam oanbrocht.
De swerfstien ûnder yn de toer is fûn by wurksumheden oan it akwadukt by Harns. Hy bestiet út granyt en it donkere materiaal yn de balstien is biotyt. De swerfstien heart dêrmei ta de groep biotytgraniten. Hy komt fan stiente earne yn Sweden en is hjir yn de ien nei lêste iistiid, it Saalien, troch it lâniis hinne fierd. De krekte oarsprong is net te efterheljen, mar it stiet fêst dat de stien al tige âld is: earne tusken de 1900 en 1400 miljoen jier âld. Dizze stien is ta in reliëfmakette bewurke troch stienhouwer Roelie Woudwijk. Yn de reliëfmakette is it lânskip om de Terpentoer hinne te sjen, tegearre mei de rûte fan de terpenkuier. De Swerfkei is pleatst ûnder in iepening yn de flier fan de toer, sadat de balstien yn in reinbui fol rinne kin. Dêrtroch ûntstiet der in soarte fan tij lânskip, wêrby 't de terperige fan Winaam sa no en dan wer yn it wetter stean.
Trije terpen op in rij, mei yn it midden de Tjitsma-terp. Op dizze terp is de 'keningsfibula' fûn. (DSCN6442).
Hichtepunt fan de terpekuier is de terpetoer. Dit útsjochpunt is ûntwurpen troch Niynke-Rixt Jukema en is basearre op de skiednis fan it lânskip. Alderearst ferwiist de hichte fan de toer nei de oarspronklike hichte fan de terp. It idee dat de skiednis him ûnder de grûn leit, is oerset troch in iepening te meitsjen yn de trep, wêrtroch 't der in soarte poarte nei it ûndergrûnske ûntstiet. De yngong en útgong nei dit ûndergrûnske binne sa situearre dat de sinne der op de koartste dei op komt en op de langste dei ûndergiet.
De reade kleur fan it kortenstiel is in ferwizing nei de reade stiennen yn de mantelspjelde. De rigels boppe op de toer binne fan Abe de Vries: "Oan de heechste taal jout dit lân it frij"
It Noardwesten fan Fryslân (Westergo) wie yn de iere midsiuwen in sintrum fan rykdom, macht én edelsmeedkeunst. Benammen rûnom Winaam binne opsibjende goudfynsten dien. Dêrút waard it dúdlik dat it gebiet in foarname posysje ynnaam yn it Fryske Keninkryk fan dy tiid. De meast spektakulêre fynst yn Winaam is in grutte gouden fibula en is dermei it meast ferneamde archeologyske foarwerp fan Fryslân.
Dizze grutte sierspjelde stiet aan de Foarryp flak by it fytspaad nei de Terpetoer en de dyk nei it doarp (VRS0364).
|
Bronnen en media
De Keningsterp fan Winaam - Archeology yn Fryslân 2
In het tweede deel uit de reeks Archeologie in Friesland beschrijft Arnold Carmiggelt de rijke geschiedenis van de Tjitsma terp en de buurterpen in Wijnaldum, naar aanleiding van de opgravingen in 1992 en 1993. ISBN 90 6825 257 7, uitgegeven bij Uitgeverij Uniepers in Abcoude (2000). In de mediatheek vind je de Friestalige versie.
|