Kening fan 'e Greide
Wat soe Fryslân wêze sûnder ús fûgels ? As de maaittiid komt en de ljippen en skriezen binne wer yn 'e loft, dan libbet it greidelân.
De Skriezen binne werom ....
It hat efkes duorre, mar se komme d'r oan. De Ryksuniversiteit fan Grins (RuG) hat yn it ramt fan it projekt 'Kening fan 'e Greide' yn 'e winter en maaitiid fan 2013 yn de streek Extramadura (Spanje) 15 skriezen in lyts senderke mei jûn. Sa wiene se troch de wittenskippers goed te folgjen. Fia it ynternet koe eltsenien dat ek. Alle 15 fûgels hawwe doe in namme krigen fan in plak of stêd oan de trekrûte. Ien fan de skriezen is Amalia* !! De fraach is fansels of alle fûgels nei dit jier ek wer nei Fryslân fleane soene. Ús Amalia is hjoed, snein 24 febrewaris 2019, werom yn Fryslân. De fûgel fleach op dizze dei de provinsje binnen en is dêrmei ien fan de earste skriezen dy't werom is yn Fryslân. Amalia is hast 2,5 wike earder yn Fryslân werom as ferline jier. Hy makket in nei nestke, ticht by it nestke fan foarich jier, by Britswert. Folgje de skriezen en win.......
|
mear oer 'Kening fan 'e Greide'
Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân.
Yn de wurkwinkel (workshop) 'Fûgels yn Fryslân' leare wy mear oer ús greide- en wetterfûgels. En wêr kinst dat better dwaan dan yn ien fan de moaiste natoergebieten fan Nederlân: hjir tichtby yn it Noarderleech oan it Waad.
Yn it twaddle diel fan dizze wurkwinkel komst ek yn 'e kunde mei fûgels tichter by hûs, de fûgels yn 'e tún en de bosk. In hoarnûle yn 'e bosk fan 'e Mûnein.
Hoe giet it mei ús ljippen no't der dit jier ek net nei aaien socht wurdt.
|
Wer makket Amalia yn 2020 syn nestke* ?
It is de bedoeling, dasto sa naukeurich mooglik it plak fan Amalia's nestke op in Google Earth foto (as kaart) oan joust.
Dat giet sa: 1. Gean nei Google Earth en flean nei Fryslân ta. 2. Sykje dyn kar foar it plak van Amalia's nestke op. 3. Set de giele punêze sa ticht mooglik by dit plak (sa as op 'e foto) 4. Meitsje in print fan it skerm (screenshot). 5. Stjoer dit printsje yn dyn mailtsje nei GeoGraphixs. (foar 20 febrewaris 2020 om 12.00 oere) |
* Nei ûndersyk kam oan it ljocht, dat Amalia eins in mantsje is. Hy is ferneamd nei de stêd Santa Amalia yn de Extremadura (súdwest Spanje) en dus net nei Prinses Amalia.
Ek yn 2019 komme de Skriezen werom nei Fryslân. Sjoch mear op dizze kaart fan Kening fan 'e Greide.
Mear oer de trek fan fûgels
Op in nije webside fan de National Geographic is de trek fan 7 ferskillende soarten fûgels yn byld brocht... ek hjir in tocht fan tûzenen kilometers.
Sjoch foar mear op National Geographic.
In boek mei 42 fûgels dt't wy yn it Waadgebiet sjen kinne, yn it Frysk en it Platdútsk (Plattdüütsk), de taal fan ús buorlju yn East-Fryslân. Wy hawwe in mienskiplike skiednis en libje oan de selfde see, ús Waadsee. For safier mooglik steane de fûgelnammen ek yn de talen fan de eilannen, sa as it Tekselsk en de talen fan Skylge, it Amelân en Skier.
|
titelfoto: De Kening fan de Greide, www.bolswardernieuwsblad.nl (gjin copyright ynformaasje by dizze foto).